Dik ferlies Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn yn eigen stadion mei 1-4 fan FC Dordrecht ferlern. De Ljouwerters wiene bynammen yn de earste helte de bettere ploech, mar de kânsen waarden net benut.
Dordrecht kaam healwei de earste helte op foarsprong. Houwing soarge yn de 43e minút foar de lykmakker. Dordrecht rûn yn de twadde helte fia goals fan De Nooijer, Rigter (beide âld Hearrefean-spilers) en Kaya út nei in 4-1 oerwinning.