Bang foar 'Van-Booma-isearring'

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt wol it sportkompleks yn Sint Anne privatisearje. Foar in ûndersyk dêrta is hast 40.000 euro útlutsen. De ried wol witte oft de ferkeap fan it kompleks oan in partikulier út kin. B en W binne poer op de privatisearring tsjin. Se binne benaud foar 'Van-Booma-isearring'. It Bilt soe deselde problemen krije as de gemeente Menameradiel no hat mei sportkompleks Schatzenburgeigner Van Booma.