Zomerzotheid' wurdt ferfilme

27 aug 2004 - 17:48

It bekende boek 'Een zomerzotheid' fan de fan oarsprong Fryske Cissy van Marxveldt wurdt ferfilme. Van Marxveldt waard yn 1889 yn Oranjewâld berne as Setske de Haan. Foar't se karriêre makke as skriuwster, rûn se staazje by de Drachtster Krante. Regisseusse Esmé Lammers docht de ferfilming fan it boek. It wurdt in romantyske komeedzje oer in stel fammen yn de jierren '20. De opnames binne yn de simmer fan 2005 yn Italië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)