Grutte skuor yn rioel Dokkum

27 aug 2004 - 16:59

Yn Dokkum wurdt dizze dagen in grutte lieding yn it haadrioel ferfongen. It giet om it rioel ûnder it Grutdjip. Dêr sit in skuor yn fan sechstich sentimer en dêrtroch streamt der wetter út de lieding. De leiding is tweintich jier âld en noch lang net ôfskreaun.

De oarsaak fan de skuor is noch net bekend. It soe net komme fan de grutte protten rein fan de ôfrûne wiken. It ferfangen fan de lieding kostet twa oant fjouwer ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)