Verbeek sneon gewoan op de bank

27 aug 2004 - 15:46

De tuchtkommisje fan 'e KNVB hat trainer Gertjan Verbeek fan Hearrenfean tongersdei in straf jûn fan ien wedstriid ûnder betingst. De útspraak betsjut dat Verbeek kommende sneon by de útwedstriid tsjin FC Twente gewoan op de bank plaknimme kin.

De oanklager fan 'e KNVB woe Verbeek yn earste ynstânsje foar ien wedstriid nei de tribune stjoere fanwege grof taalgebrûk. Verbeek akseptearde dat net en liet de saak dêrom foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)