Beatrix en Margriet nei Fryslân

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt de kommende tiid Keninklike besite. Op 28 septimber iepenet Keninginne Beatrix de fernijde kampus fan de Kristlike Hegeskoalle Nederlân, de CHN. Op de kampus yn Ljouwert is plak foar in grut tal praktykromten en learbedriuwen.
Fierders komt Prinses Margriet op 14 oktober nei Beetstersweach. Se sil dêr it fernijde revalidaasjesintrum Lyndenstein iepenje. It haadgebou is opknapt en der is ek nijbou.