Foarbygongers pakke oerfallers

27 aug 2004 - 13:38

Foarbygongers hawwe yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert twa oerfallers pakt. Ien fan harren hie foar 2700 euro oan sieraden meinommen by in juwelier oan de Nijstêd.

In ferkeapster, dy't achter de oerfaller oangien, krige in man safier dat er de dief pakte. In oare passant koe de twadde oerfaller oanhâlde. Hy siet yn in auto. De oerfallers, ynwenners fan Ljouwert fan 25 en 20 jier, binne oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)