Byld hearringfisker by Koehoal

27 aug 2004 - 13:25

By Koehoal oan de seedyk is tongersdei in brûnzen byld pleatst as oantinken oan de hearringfiskerij by de Waadkust del. It byld hjit 'De Waadfisker' en is makke troch Frans Ram fan Hegebeintum. In wurkgroep fan 'e âldheidkundige feriening Barradiel naam yn 2001 it inisjatyf foar it stânbyld.

It brûnzen byld hat goed 30.000 euro koste. Dat jild is ynsammele troch de wurkgroep fan 'e âldheidkundige feriening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)