'Strangere oanpak rûnfeart'

© Omrop Fryslân
De regeljouwing foar lytse plezier- en passazjierboaten moat stranger. Derfoar pleitet it Nederlânsk Keuringsinstitút Plezierfeart, it NKIP. Takom jier komt der in nije Europeeske skipfeartwet, mar dy jildt net foar lytse boaten.
No binne der noch gjin regels foar boaten oant tolve passazjiers. Kin in skip mear minsken ferfiere, dan binne de regels stranger. En dat wylst de oanspraaklikens en it risiko yn beide gefallen gelyk is, fynt it NKIP.