Jesper Hakansson nei RBC

27 aug 2004 - 11:26

Jesper Hakansson is troch sportklub Hearrenfean ferhierd oan RBC Roosendaal. Hakansson kaam yn 1999 út Denemarken wei nei It Hearrenfean. Syn kontrakt rint yn 2005 ôf. Oant no ta hat Hakansson mar sa'n 45 wedstriden yn it earste spile.

Ferline wike rûn in staazje fan Hakansson by it Ingelske Nottingham Forest op neat út. Hakansson, dy't by de Feansters gjin basisplak hie, hopet yn Roosendaal op mear spylminuten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)