Wetterskip set âlde mûnen yn

© Omrop Fryslân
De wetteroerlêst yn Fryslân is op guon plakken sa slim dat it wetterskip in berop docht op fjouwer âlderwetse wynmûnen om de polders droech te meallen. Troch de hurde wyn hawwe de mûnen genôch krêft om in protte wetter op de boesem te bringen.
As it wiet waar bliuwt moatte de mûnen noch in pear dagen trochdraaie. Njonken de mûne by Aldtsjerk draaie ek de mûnen by Wyns, de Ljouwerter Bullepolder en mûne De Rentmeester by Menaam.