Grutte himpfabryk yn Koudum

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Koudum in grutte himpkwekerij ûntromme. In man fan 40 en in 34-jierrige frou, beiden út Amsterdam, binne oanhâlden troch de plysje. Yn it âlde molkfabryk stiene 16.000 planten. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in tip.
De beide oppakte fertochten sitte noch fêst. De plysje stelt in fierder ûndersyk yn nei de eigner en eksploitant fan de himpkwekerij.