Tekoart Talant stik leger

26 aug 2004 - 17:34

It tekoart fan soarchynstelling Talant falt in stik leger út as earder tocht. By Talant drige in tekoart fan 7,3 miljoen euro op 'e twajierlikse begrutting. Talant komt no út op in tekoart fan oardel miljoen euro.

Dat it tekoart folle lytser is komt benammen troch de yngripende besunigings, dêr't Talant mei dwaande is. Dy maatregels dogge earder fertuten as ferwachte en wurde ek gewoan trochset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)