Benefyt 'Hessel voor Hessel'

26 aug 2004 - 16:40

Sjonger en kafeebaas Hessel van der Kooij en syn dochter Tess sille op 19 maart in benefytkonsert hâlde yn 'e iishockeyhal fan Thialf. It konsert wurdt organisearre om jild op te heljen foar ûndersyk nei de seldsume harsensykte Aicardi-Goutiêressyndroom.

It benefytkonsert hjit Hessel voor Hessel. De iene Hessel is de sjonger, de twadde Hessel is Hessel Tros (6) út Ryptsjerk, dy't de sykte hat. Der is foar it ûndersyk 140.000 euro nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)