Kritysk wêze oer Suderseeline

© Omrop Fryslân
De berjochtjouwing oer de komst fan de Suderseeline is te iensidich, sa fine natuerorganisaasjes. Dêrom komme se mei de kampanje 'Laat u niet op een verkeerd spoor zetten'. Dy bestiet út televyzjespotsjes en in ynternetside. Se wolle dat de ynwenners kritysk bliuwe oer de oanlis fan it spoar.
Oan de kampanje dogge mei: de trije Miljeufederaasjes fan Fryslân, Grinslân en Drinte, Natuur en Miljeu Oerisel, it Fryske Gea en Natuermonuminten