Arlman yn noed oer fiskerij

© Omrop Fryslân
Boargemaster Arlman fan Harns sit yn noed oer de takomst fan de fiskerij. Troch fangstbeheinings gean de gemeentlike havenynkomsten omdel. Boppedat mei takom jier net mear meganysk op kokkels fiske wurde op it Waad en tsjin de fergunning fan dit jier rinne fjouwer prosedueres fan miljeugroepearrings.
Arlman karakterisrearret de hâlding fan de belutsen miljeugroepearings op dit stik fan saken as 'in bytsje silich'.