D66: Waadakademy nei Fryslân

26 aug 2004 - 11:17

De Steatefraksje fan D66 wol dat de nije Waadakademy yn Fryslân festige wurdt. Deputearre Steaten moatte dêr wurk fan meitsje, sa is de partij fan betinken.

De Waadakademy moat in gearwurking wurde tusken hegeskoallen en universiteiten yn Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân. Dêr wurdt op it stuit oan wurke. Doel is mear ynsjoch te krijen oer de Waadsee. De útkomsten moatte brûkt wurde by nij belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)