Miljoenen foar nije Waadakademy

© Omrop Fryslân
It kabinet wol miljoenen euro's stekke yn de noch op te rjochtsjen Waadakademy. Dêrmei folget it regear it advys fan de kommisje Meijer dy't ûndersyk die nei de gefolgen fan gaswinning yn de Waadsee.
De akademy wurdt in gearwurking tusken de hegere skoallen en universiteiten yn Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân. Doel is mear ynsjoch krije yn de Waadsee om sa nij belied te meitsjen. Wêr't de akademy komt, is noch net bekend.