Wetter by Frouljus PC yn Weidum

© Omrop Fryslân
Om 11.00 oere begûn yn Weidum woansdei de Frouljus PC. It wie noch spannend oft de 28e edysje trochgean koe fanwegen de rein. De organisaasje hie it fjild nachts mei plastik oerdutsen en dêrtroch wie it fjild reedlik bespylber.
Mei elkoar stride tolve partoeren yn de haadklasse frije formaasje om de earste priis. Grutte favoryt is it partoer dat ferline jier wûn mei Géjanna Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hijlkema.