Besunigings op gemeentlik grien

© Omrop Fryslân
Dongeradiel besuniget op it grien yn de gemeente. Der is besjoen oft de struken yn de plantsoenen ferfongen wurde kinne troch planten dy't goedkeaper te ûnderhâlden binne.
In oerflakte fan 17.500 kante meter mei heesters, roazen, hagen en gazons wurdt ferfongen. It hiele projekt kostet 47.000 euro. De besparring op it ûnderhâld moat útkomme op 30.000 euro yn it jier.