Fermiste jonge wer werom

25 aug 2004 - 11:00

De 22-jierrige jonge út Stiens dy't sûnt moandei fermist wie, is wer te plak. It gie om in bewenner fan wengroep Talant yn Stiens. De licht autistyske jonge hjit Lukaz Jaruga.

Hy hat moandeitenacht nei alle gedachten yn it Ljouwerter Bosk west en is dêr net fûn troch sykploegen fan Talant. Der is ek by de Waadkust socht om't er dêr nei in eardere fermissing fûn waard. Dat wie yn febrewaris. Jaruga kaam tiisdeitejûn sels wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)