Hearrenfean is klub fan 't jier

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean is foar de tredde kear yn acht jier beneamd ta sportklub fan it jier. Dat is moandeitejûn bekend makke op it VVCS proffuotbalgala yn Noardwyk.
Der wie noch in priis foar de Fryske fuotbalploech. De nije spiler Klaas Jan Huntelaar is de bêste spiler yn de Gouden Gids divyzje fan it seizoen 2003/2004. Huntelaar spile dat seizoen noch by it Apeldoornse AGOVV.