Piraat krijt stjoerder werom

© Omrop Fryslân
Radiopiraat De Stille Genieter fan De Harkema hat in stjoerder dy't trije jier lyn yn beslach nommen waard wer werom. De piraat wûn yn heger berop in rjochtsaak hjiroer. Tiisdei koe Gooitzen de Haan fan De Stille Genieter de apparatuer wer ophelje. De Haan is noch net klear mei prosedearjen. Hy wol ek in twangsom fan 5800 euro werom.
De Haan wûn de saak omdat it guod, dat by him yn beslach nommen waard, net fan him is, mar fan syn buorman.