Twadde oanjefte tsjin Awa

© Omrop Fryslân
Der is in twadde oanjefte dien tsjin de 16-jierrige Awa fan Ljouwert. Awa wurdt derfan fertocht syn eks-freondinne yn brân stutsen te hawwen. De nije oanjefte is moandei dien troch in 15-jierrige oare eks-freondinne út Marsum. It soe gean om mishanneling. It Iepenbier Ministearje makke de oanjefte bekend.
De fertochte stiet woansdei foar de riedkeamer yn Ljouwert. Dan wurdt bepaald of syn foararrest mei 30 dagen ferlingd wurdt.