Burger King op CS Ljouwert?

© Omrop Fryslân
Yn de stasjonsrestauraasje yn Ljouwert komt mooglik in filiaal fan Burger King. De restauraasje fan it NS-stasjon is yn hannen fan it bedriuw Servex út Utrecht, dat alle stasjonsrestauraasjes yn Nederlân ûnder syn behear hat. Neffens it bedriuw prestearret Ljouwert ûnder de maat. Dêrom wurdt socht nei in lukrativere ynfolling fan de bedriuwsromte.
Yn Noard-Nederlân hat Burger King al festigingen yn Grins en Emmen.