De Joopykjes oer op it Frysk

24 aug 2004 - 13:40

Pjutteboartersplak De Joopykjes yn Aldegea (Wymbrits) is offisjeel Frysktalich. De kres slút him oan by de Stifting Pjutteboartersplak. De Aldegeasters wolle meidwaan oan in provinsjaal inisjatyf ta it sertifisearjen fan boartersplakken mei omtinken foar de twatalige ûntjouwing fan bern.

Nederlânsktalige pjutten leare it Frysk boartsjendewei en Fryske bern krije in bettere basis yn har memmetaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)