Minder romte foar baantsjelûkers

24 aug 2004 - 12:02

Baantsjelûkers kinne tenei noch mar twa jûnen yn de wike swimme yn de Blauwe Golf yn Ljouwert. It bad is inkeld iepen op tiisdei- en sneintejûn. De moandei wurdt no ek brûkt troch de Reddingsbrigade.

Sûnt de sluting fan swimbad Kealledykje moatte alle swimaktiviteiten yn Ljouwert yn de Blauwe Golf plakfine. Dat is te krap. Minsken kinne in klachteformulier ôfhelje by it loket fan it swimbad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)