Skoalswimmen net foarút betelje

© Omrop Fryslân
Menameradiel hoecht swimbad Schatzenburg op foarhân net de kosten fan it skoalswimmen te beteljen. Dat hat de rjochtbank bepaald. Schatzenburg woe fan de gemeente in bedrach fan goed 100.000 euro foar it skoalswimmen ha.
De gemeente fûn dat bedrach te heech en betelle net. Schatzenburg soe dêrtroch yn finansjele problemen komme. Neffens de rjochter is dat net sa. De rjochter hat him net útlitten oft de kosten op termyn wol betelle wurde moatte.