Fabryk yn Moddergat restaurearre

© Omrop Fryslân
It restaurearre garnalefabryk yn Moddergat iepent 7 septimber wer de doarren. Yn it eardere fabryk is no in edukatyf besikerssintrum makke en in moetingsplak foar keunst en ambacht.
Mei de iepening is ek de kyllizzing fan in saneamde 'Wierumer Aak'. Dat type fiskersskip kaam fan âldsher yn Wierum en Peazens-Moddergat foar. It skip wurdt op in antike werf by it fabryk op skaal neiboud.