Undersyk ynspeksje nei it Frysk

© Omrop Fryslân
De ûnderwiisynspeksje sil it kommende skoaljier ûndersykje hoe't de Fryske skoallen krekt mei it Frysk omgeane. It ûndersyk omfiemet basisûnderwiis, spesjaal ûnderwiis en fuortset ûnderwiis. Alle skoallen krije yn desimber in frageformulier. Ynspekteur Oudebaan tidiget der op dat 70 oant 80 persint fan 'e skoallen meidocht oan it ûndersyk.
Letter sil de ynspeksje ek noch by in soad skoallen delgean.