'Net yllegaal wenje yn Reahel'

24 aug 2004 - 10:31

Op rekreaasjepark de Hoven yn Reahel wurde 19 fan 'e meiinoar 277 wenten yllegaal permanint bewenne. Fan 32 oare wenten wurdt dat noch fierder útsocht. De gemeente wol net hawwe dat fakânsjehúskes permanint bewenner wurde en sil de bewenners no oanskriuwe.

De gemeente hat in ûndersyksburo ynhierd om út te sykjen oft de húskes al as net permanint bewenne wurde. De bewenners fan De Hoven binne min te sprekken oer de aksje fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)