Wenbedriuw keapet boekbinerij

© Omrop Fryslân
Wenbedriuw Korporatieholding Friesland hat de âlde boekbinerij fan Scheepstra oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert kocht. Ek trije omlizzende pannen binne yn besit fan it wenbedriuw kaam. Dêr sille goedkeape wenten yn realisearre wurde.
Mei de boekbinerij hat it wenbedriuw plannen om in museum yn te festigjen. Yn alle gefallen sil it monumintale karakter fan it gebou beholden wurde moatte.