Fûgelhelling wol mear besikers

© Omrop Fryslân
Fûgelopfang de Fûgelhelling by Oerterp wol sa gau mooglik foar trije euroton in nij besikerssintrum bouwe en tsien ekstra koaien. Mei mear besikers krijt de Fûgelhelling ekstra ynkomsten dêr't se de hjoeddeiske meiwurkers mei betelje kinne.
Dy krije har lean no noch fia in Melkertbaanregeling, mar dat hâldt op. De Fûgelhelling kin lykwols net sûnder syn personeel. Mar de ynvestearring is ek om ynhâldlike redenen nedich.