Undersyksteam sjitpartij lytser

© Omrop Fryslân
It team fan 30 resjersjeurs dat de sjitpartij by it azc Burmania yn Ljouwert ûndersiket, is mei de helte werombrocht. It buert- en spoare- ûndersyk is klear en 15 man soe genôch wêze foar it fierdere ûndersyk.
De resjersjeurs binne drok dwaande mei it ûnderfreegjen fan de fiif fertochten en de trije slachtoffers. De fertochten wurde tiisdei foarlaat oan de rjochter- kommissaris. Dy besjocht oft de manlju noch 10 dagen yn de sel bliuwe moatte.