Pijper wint EK gersbaanracen

23 aug 2004 - 16:11

Theo Pijper is snein yn it Grinslanner Eenrum Europeesk Kampioen gersbaanracen wurden. Theo is de twadde Fries dy't dit presteart. Anne van der Helm fan Noardwâld wie kampioen yn 1992. Yn 'e finale koe Pijper de Dútsers Gerd Riss en Bernd Diener foarbliuwe. Riss wie yn 2003 Europeesk kampioen.

Theo is 24 jier en rydt ek profesjoneel by de Skotse klub 'The Edinburgh Monarchs'. De kommende twa sneinen sil Pijper ride op it WK gersbaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)