Partoer Berkepas wint Van Aisma

© Omrop Fryslân
De Van Aisma keatspartij yn Bitgum is snein wûn troch Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke de Graaf. Yn in spannende en oantreklike finale wiene se mei 5-4 en 6-4 te sterk foar it trio Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar.
De tredde priis wie foar Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra. Klaas Berkepas waard kening. De Van Aismadei waard in skoft stillein fanwege in hertstilstân by in besiker.