Ynbraak yn Ljouwerter snackbar

22 aug 2004 - 14:02

By in snackbar oan de Bleeklaan yn Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon ynbrutsen. Under oare in folsleine sigarette-automaat waard meinommen. Fierder wurdt der drank fermist en waarden der gokkasten iepenbrutsen om it jild derút te heljen.

De stellerij waard sneontemiddei pas ûntdutsen troch de eigner. Om't de hiele sigarette-automaat fuort is, giet de plysje derfan út dat de ynbrekkers in auto brûkt ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)