Proef ynsammeljen gemysk ôffal

22 aug 2004 - 13:58

De NLTO wol besykje mear boeren te ynteressearjen foar it proefprojekt om lyts gemysk ôffal yn te sammeljen. It projekt is ein april út ein set op It Hearrenfean, yn Opsterlân en de beide Stellingwerven. Saken as TL-buizen, oaljeresten en kuolfloeistof kinne troch húshâldens by de gemeente ynlevere wurde.

Foar bedriuwen wurdt soks hieltyd yngewikkelder. Dêrom hat de NLTO foar boeren in oare regeling betocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)