Skeelertitel foar Frânsman
It Iepen NK skeeler yn Hallum is wûn troch de Frânsman Daniel Loy. De Belgen Sander Armee en Frank Viers waarden twadde en tredde. De koers oer 100 kilometer waard tekene troch de hurde wyn.
De Friezen Jan Ronald Wigarda en Willem Hut waarden yn Hallum respektivelik sande en njoggende. De Nederlânske topper Arjan Smit stapte út, mooglik mei it each op syn tarieding op it WK skeeler.