Yngling-team 4de yn klassemint

20 aug 2004 - 16:26

It Olympyske Yngling-sylteam fan Petronella de Jong fan Sint Jabik hat allinnich noch in teoretyske kâns op in brûnzen medalje. It team waard tongersdei yn 'e 9de en 10de race fyfte en fjirde. Mei noch ien race te silen stiet it Nederlânske team fjirde yn it klassemint achter de Oekraïne, Denemarken en Ingelân.

Om brûns te winnen moat Nederlân yn 'e lêste race 9 punten goed meitsje op de Oekraïne, en dat is hast ûnmooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)