Tytsjerk yn need min berikber

20 aug 2004 - 16:00

Ynwenners fan Tytsjerk meitsje har soargen no't ambulânses net op tiid it doarp berikke kinne. Dat hat te krijen mei de wurksumheden oan de dyk tusken Ljouwert en Hurdegaryp.

De tagong ta Tytsjerk is dêr ôfsletten, bewenners moatte kilometers omride om it doarp te berikken. Doarpsbelang hat yntusken de gemeente op 'e hichte brocht fan de problemen. Wethâlder Nij- boer kin der neat oan dwaan en seit dat de ambulânse mar wat letter komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)