Luketa bliuwt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Sweedske spits fan Servyske komôf Daniel Luketa bliuwt dit hiele seizen by Cambuur. Luketa wie de hele tarieding op staazje en sil no op amateurbasis meitraine en meispylje by de beloftes fan Cambuur.
Luketa makke yn maaie grutte yndruk yn in oefenwedstriid tsjin de seleksje Dongeradiel troch seis kear te skoaren. Daniel Luketa spile yn Sweden by in tredde divisyklub en krijt in jier de tiid om op heger nivo te kommen.