Mear wurkleazen yn Noarden

20 aug 2004 - 15:13

Yn Noard-Nederlân binne der it ôfrûne jier hast 9000 wurkleazen bykommen. Yn de trije noardlike provinsjes hawwe no 85.000 minsken gjin wurk. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it CWI, it Sintrum foar Wurk en Ynkommen.

De lêste moannen is de wurkleazens yn Noard-Nederlân gelyk bleaun. Tusken july en juny siet amper ferskil. It persintaazje wurkleazen yn Fryslân is hast 11 prosint. Dat is mear as yn Drinte mar minder as yn Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)