Fallisemint driget foar boeren

© Omrop Fryslân
Guon boeren yn Noardwest-Fryslân driigje fallyt te gean troch wetterskea fan de ôfrûne tiid. Dy skea rint soms yn 'e tonnen en dat is foar guon boeren te folle. Dat sei jirpelboer Sytsma fan Frjentsjer tongersdei by in besite fan in tal keamerleden oan boeren yn Noardwest-Fryslân.
De besite bestie út minsken fan de Twadde Keamer, de oerheid, it wetter- skip en de NLTO. De boeren besykje no in skeafergoeding los te krijen.