Nije eksploitanten Trebol

© Omrop Fryslân
Studio Trebol yn Harns hat twa nije eksploitanten krigen: Piet Homminga fan Frjentsjer en Stephan van der Vlist pachtsje it gebou fan Gerstel Produk- ties. It sil wer gewoan Trebol hite.
Fiif jier lyn hat Gerstel it pân oernaam fan de gemeente en it mei help fan subsydzjes yngeand opknapt. Homminga hat jierren direkteur west fan Bloemketerp yn Frjentsjer. Van der Vlist is ekspert op kulinêr mêd. Beide wolle mear hoareka yn Trebol.