Plysje set 30 man op sjitpartij

20 aug 2004 - 12:06

De plysje Fryslân hat tongersdei in team fan 30 minsken op de sjitpartij by azc Burmania yn Ljouwert set. By dy sjitpartij rekken woansdeitejûn trije minsken ferwûne. De plysje pakte koart nei de sjitpartij fiif manlju op. Gjin fan 'e belutsenen wennet yn it azc.

De slachtoffers binne bûten libbensgefaar. Wêrom de sjitpartij krekt by it azc plakfûn wit plysje noch net. Der komt in buertûndersyk en alle belutsenen sille heard wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)