Fearboat fart op havendaam

20 aug 2004 - 10:38

Troch de hurde wyn is in fearboat fan Rederij Doeksen by Skylge op de havendaam fearn. De skea falt lykwols ta. Ek binne der gjin ferwûnen. Der wiene op it stuit gjin passazjiers oan board.

De fearboat fan It Amelân hie it dreech om mei de hurde wyn oan de fêste wâl te kommen. In rêdingsboat ferliende help. Op de Iselmar rekke in triuwbak mei dêryn 1500 ton granyt yn problemen. Op it lân binne in tal beammen omwaaid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)