Stroetinga wint rûntsje Boalsert

20 aug 2004 - 09:45

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap wûn tongersdei it kritearium fan Boalsert. Hy wie nei tachtich kilometer de snelste fan in kopgroep fan alve man. Fier foar de einstreek giene de hannen de loft al yn. Hugo Gootjes fan Zuid Scharwoude waard twadde, Rudy Vriend fan Waarland tredde.

It wie de twadde oerwinning fan Wim Stroetinga dit jier yn in amateur- kritearium. Boppedat wie it in einsprint mei macht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)