Beswier tsjin komst handikapten

© Omrop Fryslân
In nije wenfoarm foar handikapten yn Toppenhuzen stuitet op beswieren fan omwenners. Soarchynstelling Philadelphia wol in âlde buorkerij oan de Eastwei ferbouwe ta wenplak foar tolve ferstanlik handikapten.
De omwenners ferwachtsje lykwols gefaar op 'e dyk om't de handikapten har net oan de ferkearsregels hâlde soene. Ek soene de handikapten net yn de sletten doarpsmienskip passe. Oare wike is der oerlis tusken de partijen.