Dales: gjin ferbân ynsidinten

19 aug 2004 - 17:44

Neffens boargemaster Dales fan Ljouwert is der gjin ferbân tusken de swiere geweldsynsidinten fan de lêste wiken yn de haadstêd. Trochdat de insidinten los fan inoar steane, is it dreech om it plysjekorps op sa'n rige ynsidinten yn te rjochtsjen.

Dales wol no mei oare gemeentes yn diskusje oer de ferdieling fan de plysjes yn de provinsje. Neffens him kin mear plysje yn de stêd in ein meitsje oan de ynsidinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)